Nije fearboaten fan Doeksen rinne fertraging op yn Fjetnam

12 okt 2017 - 16:25

De nije fearboaten fan rederij Doeksen komme letter as pland nei Nederlân. Net ein dit jier, mar yn maaie takom jier. It wurk duorret langer as ferwachte. Dat komt ûnder oare trochdat Doeksen it measte wurk dochs leaver yn Fjetnam dwaan lit, dêr't de skippen boud wurde. Earder wie it de bedoeling om in part fan it ynstallaasjewurk yn Nederlân te dwaan. Fanwege de fertraging komme de skippen takom jier maaie nei Nederlân. Se wurde dan yn septimber oplevere. Yn de hjerst kinne de bemanningsleden dan fertroud reitsje mei de skippen en alles wat derby komt te sjen. Se wurde dan sa stadichoan opnommen yn de tsjinstregeling.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)