Gjin maatregels lûdsoerlêst De Wissel yn Beetstersweach

12 okt 2017 - 16:16

Soarchorganisaasje Talant hoecht miskien dochs gjin maatregels te nimmen tsjin lûdsoerlêst fan it soarchkompleks De Wissel yn Beetstersweach. De gemeente Opsterlân sil dat Talant nei alle gedachten net oplizze, die tongersdei bliken by de Ried fan Steat. Dy sette twa moanne lyn in streek troch in part fan it bestimmingsplan en de omjouwingsfergunning foar nijbouplannen foar De Wissel, fanwege mooglike lûdsoerlêst.

Nei dy útspraak hat Talant in nij lûdsûndersyk dwaan litten. Dêr docht út bliken dat de oerlêst binnen de noarmen falt. Minsken dy't der om hinne wenje, betwifelje dat. De belutsen partijen troffen elkoar wer by de Ried fan Steat. Dy docht oer in moanne as twa, trije útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)