Noch ien kear oer de rotonde fan De Jouwer

12 okt 2017 - 15:24

De rotonde fan De Jouwer, elk wit him te finen. Dizze wike komt der in ein oan in ikoan fan Fryslân. Freed ride de lêste auto's oer wat no noch de rotonde is. Dêrnei kin it ferkear gebrûk meitsje fan it nije knooppunt mei fly-overs. De rotonde fan De Jouwer hat yn 44 jier tiid foar in soad problemen en in soad ûngelokken soarge. Piet Dijkshoorn, âld-meiwurker fan Rykswettersteat, wie jierrenlang projektmanager fan de rotonde. "De rotonde was in de ongevallenstatistieken een zorgenkindje." Rykswettersteat hat meardere kearen besocht om de feilichheid fan de rotonde te ferbetterjen, mar dat is nea echt slagge.

It begjin

Yn 1973 waard it knooppunt tusken It Hearrenfean, Snits, De Lemmer en De Jouwer yn gebrûk nommen. De rotonde wie earst in krúspunt, dat troch it groeiende ferkear net mear foldie. Yn de jierren 70 wiene der noch mar sân rotondes yn Nederlân, dêrom wie de oanlis fan de rotonde in bysûnder fenomeen. "Rotondes werden in de vijftiger jaren aangelegd om de capaciteit van een kruispunt te vergroten. Op een rotonde zou minder tijd verloren gaan dan bij een rechte kruising", seit Dijkshoorn.

Unfeilige sitewaasjes

It nije ferkearsplein moast de oplossing wêze foar ûnfeilige ferkearssitewaasjes, mar soarge yn plak dêrfan foar in soad ûngelokken. Dijkshoorn: "In de drie jaren 1978, 1979 en 1980 werden op de rotonde Joure 55 ongevallen geregistreerd." Dit kaam ûnder oare troch in hege snelheid, min sicht en foarrangsfouten. Mar Dijkshoorn nimt ien ding as haadoarsaak: "Men moet met teveel zaken bezig zijn en heeft te veel aandacht nodig voor oprijdend en rondrijdend verkeer, het aflezen van borden en het zich oriënteren. Dat was men toen nog niet gewend."

Neist it tal ûngelokken wie ek it tanimmende ferkear in probleem. Yn 1986 rieden der sa'n 46.500 auto's oer de rotonde fan De Jouwer, mar alle jierren kamen der auto’s by. Yn 2016 rieden der 120.000 auto's oer de rotonde. Dat is 2,5 kear safolle as 30 jier dêrfoar. "De rotonde van Joure is bedacht met de kennis die er in de jaren '70 was. Ze konden zo'n groei in het verkeer niet voorspellen", seit Dijkshoorn. 

Trije grutte oanpassingen

Rykswettersteat hat nei oanlieding hjirfan grutte oanpassingen dien om de ferkearsfeilichheid en trochstream op de rotonde te ferbetterjen.

1. De rotonde wie trijebaans, mar is yn 1982 werombrocht nei twabaans. Dat hie net folle effekt op it tal ûngelokken en soarge foar mear files.

2. Rykswettersteat kaam mei in oar idee. Yn 1990 waard de rotonde wer trijebaans, mar ek de foarrangsregels waarden omdraaid. It ferkear op de rotonde krige no foarrang. Mar ek dit wie net de oplossing. 

3. Yn 2000 die Rykswettersteat in lêste oanpassing: trije bypasses. It tal ûngelokken bleau heech en it ferkear kaam hieltyd faker en langer stil te stean by de rotonde.

Nij knooppunt

Uteinlik waard besletten ta de oplossing om de rotonde om te bouwen ta in folweardich knooppunt mei fly-overs. Hjirmei moatte we wer 10 oant 15 jier foarút kinne. Dêrom ride der dizze wike, nei 44 jier, foar it lêst auto's op de rotonde fan De Jouwer.

Jûn yn Fryslân Hjoed fertelt Piet Dijkshoorn oer de rotonde, mar sjogge we ek nei de ferhalen rûnom de rotonde. 

Trefwurden: 
rotonde ôfskied De Jouwer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)