Ynwenners Tytsjerksteradiel tefreden oer gemeente en wenjen

12 okt 2017 - 14:43

De ynwenners fan Tytsjerksteradiel binne tefreden oer de tsjinstferliening fan de gemeente. Dit docht bliken út it tefredenheidsûndersyk, dêr't 621 minsken oan meidien hawwe. Ynwenners binne goed te sprekken oer it kontakt mei de gemeente en wenje mei tefredenens yn Tytsjerksteradiel.

Se fiele harren feilich en kinne beskikke oer genôch foarsjenningen. Punt fan oandacht foar it gemeentebestjoer is de relaasje mei de ynwenners. Dy jouwe oan fertrouwen te hawwen yn de wize wêrop de gemeente bestjoerd wurdt, se jouwe it in 6,4 as sifer. Dat leit heger as it lanlik gemiddelde, mar dochs is it foar de gemeente wol in punt fan oandacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)