Jonathan Banks spilet kening fan de Franken yn Redbad

12 okt 2017 - 14:27

De Amerikaanske akteur Jonathan Banks sil in rol spylje yn de film Redbad. Banks, foaral bekend fan de TV-searje Breaking Bad, spilet yn Redbad de kening fan de Franken. Foar de film waarden twa wike lyn noch opnamen makke yn De Alde Feanen. Redbad giet oer de striid fan de Friezen tsjin de Franken en giet takom simmer yn premjêre.

Trefwurden: 
Jonathan Banks Redbad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)