Cao-akkoart berikt foar militêr en boargerpersoniel

© Omrop Fryslân, Dirk Baron
De militêre fakbûnen hawwe in cao-akkoart berikt mei it ministearje fan Definsje. Yn Fryslân is militêr en boargerpersoniel stasjonearre op ûnder oare fleanbasis Ljouwert en op It Hearrenfean. It militêr en boargerpersoniel sit al sûnt 2013 sûnder in cao. De bûnen hawwe de ôfrûne moannen aksjefierd foar in nije cao.
It personiel fan definsje krijt der dit jier mei weromwurkjende krêft struktureel 2,5 persint mear lean by en nochris ien kear 1 persint yn desimber. Fan takom jier ôf komt dêr struktureel 1,5 persint boppe-op en ien kear 0,5 persint. Ek binne der ôfspraken makke oer pensjoenen en langer trochwurkje troch militêren.