Cambuur op jacht nei earste thúsoerwinning

Cambuur wol freed op jacht nei de earste thúsoerwinning fan it seizoen. Dat moat barre tsjin FC Oss, dat mei 11 punten twa punten boppe de Ljouwerters stiet. "Het wordt tijd voor die eerste thuisoverwinning", sa sei Cambuur trainer Marinus Dijkhuizen. "We hebben een vervelend goede week gehad", heakke hy dêr kriptysk oan ta. "Na zo'n slechte wedstrijd als tegen Emmen wordt de toon bij de spelers onderling en van de staf naar de spelers scherper. Niet om elkaar af te branden, want we moeten wel positief blijven."
De spilers fan Cambuur hawwe ôfrûne wike in iishockey clinic folge yn de Ljouwerter iishal. "En dat was heel leuk" sei Dijkhuizen. "Maar we hebben ook met plezier heel pittig getraind. Cambuur kin freed net beskikke oer Kevin van Kippersluis. Hy is blessearre oan it ankel. Van Deelen stiet rjochtsback; Van Wermeskerken ferhuzet nei it middenfjild, dêr't ek in plak ynromme is foar Xander Houtkoop. Dat giet ten koste fan Matthias Schils. Dijkhuizen ferwachtet in behâldend spyljend FC Oss. "Zij gaan met vijf man achterop spelen. Dat blijft lastig, maar daar moeten wij maar met om kunnen gaan."
Opstelling Cambuur: Bertrams; Peersman, Schilder, Steenvoorden, Van Deelen; Van Wermeskerken, Houtkoop, Boerlage; Mathieu, Barto, Kallon.