Feanster krijt wurkstraf foar weromdraaien kilometertellers

Kilometerteller © ANP XTRA
In 34-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is feroardiele ta in wurkstraf fan 120 oeren fanwegen fraude. De man draaide ferline jier fan twa auto's de kilometertellers werom en ferkocht se dêrnei fia Marktplaats. Neffens de man hat in freon de kilometerstân weromdraaid, dy't dêr in spesjaal apparaat foar hat. De fertochte moat njonken de wurkstraf ek in skeafergoeding betelje oan de nije eigeners fan de twa auto's.