Fertochte oanhâlden foar stekpartij yn Ljouwert

12 okt 2017 - 13:40

De plysje hat in 38-jierrige Ljouwerter oanhâlden fanwege de dea fan in man, tiisdeitejûn let op it Jacobijnertsjerkhôf yn Ljouwert. Foarbijgongers fûnen it slachtoffer. Hy libbe doe noch, mar it slagge helpferlieners net him te rêden. De plysje fertinkt de Ljouwerter fan belutsenheid by de dea fan de man, wat der krekt gebeurd is wurdt noch hieltyd ûndersocht. De Ljouwerter waard woansdeitejûn oanhâlden. Freed beslút de rjochter-kommissaris oft er langer fêstsitten bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)