Drachtster heart nei 20 jier noch strafeask foar ferkrêfting

12 okt 2017 - 12:38

Tsjin in man út Drachten is tongersdei trije jier sel easke fanwege in gewelddiedige ferkrêfting en oerfal, tweintich jier lyn. De man soe in frou yn Ljouwert mei geweld oerfallen en bestellen ha en in frou út Delft ferkrêfte ha. Dat wie yn 1997 en 1998, mar de man kaam net earder as ferline jier yn byld. Dat kaam omdat troch in flater by plysje en justysje neat dien wie mei in DNA-match.

De man moast alve jier lyn DNA ôfstean neidat er foar in mishanneling feroardiele wie. De match waard wol trochjûn, mar der waard neat mei dien. Ein ferline jier kaam de match toch noch boppe wetter. By de behanneling fan de saak sei de offisier fan justysje dat it skamread har op de kaken stiet fanwege dizze blunder.

De Drachtster ûntkent de feiten. "Ik was met stomheid geslagen toen de politie voor de deur stond, nog steeds", sa sei er. Dochs jout er ta dat er yn it ferline "geen lieverdje" wie. Hy hat in lang strafblêd mei geweldsdelikten, ûnder mear tsjin eks-freondinnen. Yntusken hat er syn libben folslein feroare en ferbettere, fertelle er oan de rjochter.

It slachtoffer út Ljouwert is yn 2008 ferstoarn. De frou út Delft soe noch altyd lêst ha fan de ferkrêfting en hat dêrfoar yntinsive terapy. De rjochter docht op 26 oktober útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)