Asbest fûn by sporthal Westermar, gjin fersprieding

© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Der is asbesthâldende kit fûn yn de restanten fan de ôfbaarnde sporthal Westermar yn Burgum. Dat hat de gemeente Tytsjerksteradiel bekend makke. De restanten waarden woansdei fûn by de ferplichte ynventarisaasje dy't heart by in sloopmelding. De asbest hat him by de brân net ferspraat, dat is ek befêstige troch minsken dy't yn de buert fan de sporthal wenje. De asbesthâldende kit waard brûkt om de betonnen gevel-eleminten wetterticht te meitsjen.
Der komt meikoarten in bedriuw om it asbest op te rêden. Oant dy tiid bliuwt it terrein om de sporthal ôfsetten. De sportklups kinne de sportfjilden by de sporthal wol brûke.