Wethâlder Sierd de Boer fierder as polityk coach

Sierd de boer © Gemeente Eaststellingwerf
Wethâlder Sierd de Boer fan Eaststellingwerf hâldt nei acht jier op as wethâlder yn syn gemeente. Nei oerlis mei syn fraksje en it bestjoer fan OoststellingwerfsBelang hat De Boer besletten him net mear beskikber te stellen foar in nije perioade as wethâlder. Hy wol him nei de gemeenteriedsferkiezingen fan maart takom jier rjochtsje op oare saken. Wol bliuwt er polityk aktyf, ûnder oare troch it coachen fan nije kandidaten op de list fan OoststellingwerfsBelang.