Ferd Crone sil sjoernalist Frénk van der Linden ynterviewe

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert © Omrop Fryslân
Boargemaster Crone fan Ljouwert wurdt meastentiids sels ynterviewd, mar op 2 novimber wurde de rollen omdraaid. Dan sil Ferd Crone in ynterview dwaan mei sjoernalist Frénk van der Linden. Van der Linden is ûnder oare bekend fan it radioprogramma Kunststof.
Hy hat krekt in nij boek skreaun (fan 700 siden), oer wat hy leard hat fan syn eigen ynterviews fan de lêste jierren. Sa prate hy mei Johan Cruijff, Youp van 't Hek, Freddy Heineken en André Hazes. It ynterview fan Crone mei Van der Linden is by boekhannel Van der Velde yn Ljouwert. Van der Linden hat Crone sels frege foar it ynterview.