Wer ynbraak by in telekombedriuw yn Dokkum

© De Vries Media
Yn Dokkum is yn de nacht fan tiisdei op woansdei opnij ynbrutsen yn in telekombedriuw. Dat barde oan de Hogedijken. De dief hat in stellaazje makke fan in túnbank en meardere pallets. Fan dy stellage ôf is in gat makke yn it tsjokke feilichheidsglês. Dêrnei is de ynbrekker nei binnen klommen.
Yn in healoere tiid hat hy ferskate nije telefoanen meinaam. Telefoanen fan klanten dy't klear leine foar reparaasje, binne net meinommen. De ôfrûne twa wiken is der by ferskate telekombedriuwen yn Dokkum ynbrutsen. Ek yn Drachten soe de ôfrûne wike ynbrutsen wêze. De plysje ûndersiket de saken.