Drugswenningen yn Ljouwert sletten
Yn Ljouwert binne op lêst fan boargemaster Ferd Crone in tal wenningen sletten. It giet om wenningen oan de Robinsonstraat en Achter de Hoven. De plysje hat yn dizze wenningen hannelsfoarrieden drugs yn beslach nommen. De drugs binne yn striid mei de Opiumwet en dêrom hat de boargemaster it foech om de wenningen te sluten.
It past yn it belied om drugshannel tsjin te gean en oerlêst foar omwenners foar te kommen. De wenningen binne foar in perioade fariearjend tusken de trije en seis moannen sletten.