Wenningen yn Oerterp wurde opknapt
Yn Oerterp wurde 55 wenningen fan novimber ôf opknapt troch WoonFriesland. Foar de simmer binne fjirtjin wenningen oanpakt. Alle adressen krije in nije badkeamer en sinnepanielen. As it nedich is wurdt ek oar ûnderhâld dien. As alles neffens planning giet, dan is alles oan de binnenkant fan de wenningen foar de krystdagen klear.