Taksysjauffeurs stake foar mear lean en wurdearring

Taksysjauffeurs út it hiele lân stake woansdei foar trije persint mear lean en mear wurdearring. Se komme yn Heteren byinoar foar in ludike aksje. Yn dat plak hâlde de wurkjouwers op deselde dei in gearkomste oer de fêstrûne cao-ûnderhannelingen.
It ultimatum dat it fakbûn FNV Taxi steld hie oan de wurkjouwers is woansdeitemoarn om seis oere ôfrûn. De wurkjouwers hawwe net reagearre op de eask fan 3 persint mear lean. Neffens it fakbûn rinne de leanen yn de sektor al jierren achter en wurde de sjauffeurs net betelle foar de grutte ferantwurdlikheid dy't se drage foar it ferfier fan faak kwetsbere groepen minsken. Sa dogge njonken gewoan strjitferfier ek WMO-ferfier.