Sjitpartij Dronryp yn Opsporing Verzocht

10 okt 2017 - 11:51

De sjitpartij yn Dronryp fan ferline wike komt tiisdeitejûn yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht. By de sjitterij op de Dotinga Tún yn it doarp rekke in 45-jierrige man slim ferwûne. Tsjûgen seagen twa fertochten mei bivakmûtsen. Dy naaiden út yn in stellen BMW, dy't letter útbrând yn Deinum fûn waard. Moandei hold de plysje in passante-ûndersyk wêrby't minsken befrege waarden. De plysje hat dêrnjonken hûnderten folders útdield mei fragen oer de saak. Se hoopje sa oan tsjûgen te kommen. 
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)