Nynke Laverman sil sjonge by steatsbesite yn Portugal

Sjongeres Nynke Laverman sil woansdeitejûn foar it keninklik pear optrede yn Portugal. It optreden is ûnderdiel fan de steatsbesite fan kening Willem-Alexander en keninginne Máxima oan Portugal. It keninklik pear biedt as tank foar de gastfrijheid in resepsje oan. Laverman, bekend fan de Fryske oersettingen fan de Portugeeske fado's, sil tegearre mei de bekende fado-sjongeres Cristina Branco optrede yn it Teatro Nacional Dona Maria II yn Lissabon.