"Trochpakke yn oergong enerzjy, ek al is der ferset"

Fryslân sil dúdlike slaggen meitsje moatte as it giet om duorsume enerzjy. Dogge we dat net, dan sil de ryksoerheid soks oan de provinsje oplizze. Dy warskôging joech âld-minister Pieter Winsemius moandeitejûn yn it programma It Polytburo op Omrop Fryslân Telefyzje.
It provinsjaal bestjoer moat trochpakke, ek al is der ferset by de befolking. Winsemius komt tiisdei mei in plan fan oanpak, as it giet om in oergong nei wyn- en sinne-enerzjy. Ek in technyk as ierdwaarmte is neffens Winsemius yn Fryslân kânsryk.