KNVB biedt ekskús oan oan pechspiler Harkemase Boys

It Nederlânsk fuotbalbûn KNVB hat op twitter ekskús oanbean oan spiler Dennis van Duinen fan Harkemase Boys. De KNVB hie in tweet online set mei de tekst: ''#MooieMaandag, blunderende Dennis de wereld over''. De linksback fan de ploech út De Harkema miste sneontemiddei yn it duel tsjin Capelle in ultime kâns op in 3-0 foarsprong. De bylden, wêryn't Van Duinen foar in lege goal oersjit, giene de hiele wrâld oer.
Fuotbalklup Harkemase Boys reagearre op twitter skerp oer it berjocht fan de KNVB. ''Blunderende KNVB niet de wereld over'', sa skreau de ploech op it sosjale medium.