Wurkstraf foar fersoarchster (31) nei stellen fan jild

09 okt 2017 - 20:20

In âld-wurknimster fan in fersoargingshûs yn Boalsert is moandei troch de rjochter feroardiele foar it stellen fan jild. De 31-jierrige frou út Frjentsjer moat njoggentich oeren ferplichte oan it wurk, om't se ferskate kearen jild stellen hat fan in 91-jierrige bewenner fan it hûs. It gie rûchwei om sa'n fyftich euro, mar it effekt op it slachtoffer wie grut. De man fielde him nei de stellerij net mear feilich yn it fersoargingshûs.

De frou waard troch har wurkjouwer útslein en moast in skeafergoeding fan goed 2500 oan it tehûs betelje. De rjochter oardiele ek dat de frou sa'n trijehûndert euro oan smertejild ôfstean moat oan it âlde slachtoffer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)