Ynspeksje by Skylge sonken skip: dea troch skuld?

Rjochters út Amsterdam hawwe moandei yn Strobos in skip besjoen dat yn 2010 fergien is benoarden Skylge. De trije bemanningsleden wiene by de skipsramp om it libben kaam. De heit fan ien fan harren hat oanjefte dien tsjin Matthijs van der Ploeg fan rederij De Rousant. De Undersyksried foar Feiligens oardiele yn 2012 dat de rederij hjir wol wat te ferwiten falt. Justysje die ek ûndersyk nei de saak en kaam ta deselde konklúzje. De saak tsjinnet op 23, 24 en 25 oktober foar de rjochtbank yn Amsterdam. Dat meldt RTV Noord.
It stoarme op 13 desimber doe't skulpesûger HA38 Frisia op de Noardsee rjochting Lauwerseach fear. Der stie in hege dining mei weagen fan oardel oant twa meter heech. Der kaam wetter yn it skip om't de rommen yn it foarskip net goed ôfsluten wiene. Dêrtroch kaam it skip hieltyd djipper te lizzen.
De skipper frege oan de Brandaris om in wetterpomp. Hy wie bang dat it skip oars sinke soe. Efkes letter foel de ferbining fuort en kaam fuortendaliks in rêdingsoperaasje op gong. Mar it skip wie omslein en fan de radar ferdwûn.
De 46-jierrige skipper Jan Tuin út Leens waard rêden. In pear dagen letter ferstoar er oan syn ferwûnings. De 19-jierrige Steven van der Broek út Grins waard twa moanne letter fûn. Op 17 desimber waard it op de kop lizzende wrak fan it skip nei de haven fan Harns sleept. Van der Broek blykte yn de waring fan it omsleine skip te lizzen. It lichem fan stjoerman Jannes Lap út Leens spielde oan op Skylge.
De fraach is no oft direkteur Matthijs van der Ploeg fan rederij De Rousant yn Sâltkamp en syn bedriuwslieder ferantwurdlik binne foar de dea fan de bemanning. Mei de útkomsten fan de twa ûndersyksrapporten yn de hân leit it Iepenbier Ministearje harren 'dea troch skuld' ta lêste. It ûndersyk nei de saak is tige kompleks en dêrom is de rjochtsaak no pas.