Konsert Koninklijke Luchtmacht no yn Bûtenpost

09 okt 2017 - 17:40

Foar it benefytkonsert fan de Koninklijke Luchtmacht is in ferfangende lokaasje fûn. Dat konsert hie yn sporthal Westermar yn Burgum wêze sillen, mar dy is ferline wike ôfbaarnd. De organisaasje hat mei it orkest en de gemeente Tytsjerksteradiel drok oan it sykjen west nei in oar plak en hat dat ek fûn: it konsert wurdt no hâlden yn sporthal de Houtmoune yn Bûtenpost, kommende freed. De kaartferkeap hat even stillein, fanwege de brân, mar is no wer iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)