Fuotbalfjilden by ôfbaarnde sporthal Burgum wer bespylber

09 okt 2017 - 17:09

Fan tiisdei ôf kin der wer spile wurde op guon fuotbalfjilden om sporthal Westermar yn Burgum hinne. De sporthal baarnde ferline wike ôf. Op de fjilden leine noch resten fan de brân. De gemeente hat der moandei oan it skjinmeitsjen west. Trije fan de acht fjilden ha troch de brân gjin ferljochting mear. De gemeente is dwaande mei needferljochting, sadat dy fjilden nije wike ek wer brûkt wurde kinne.

It keunstgersfjild fuort njonken de sporthal hat in soad skea oprûn en kin net brûkt wurde. It is noch net dúdlik oft it makke wurde kin of dat it hielendal ferfongen wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)