Museum Drachten lûkt ekstra besikers mei De Stijl

De Zaaier, 1921 © Collectie Museum Drachten
De ferskate tentoanstellingen oer De Stijl yn Museum Drachten lûke safolle ekstra minsken dat it museum no al like folle besikers hân hat as oars yn in jier. Al 20.000 minsken ha by it museum west. Yn Drachten is dit jier omtinken foar hûndert jier De Stijl mei it temajier 'Mondriaan tot Dutch Design'.
It súkses komt mei troch in grutte marketingkampanje. Dêrtroch kamen in soad sjoernalisten nei Fryslân, wat foar in protte omtinken soarge yn binnen- en bûtenlân. It Nederlands Bureau voor Toerisme en Congressen wurke ek mei oan de kampanje, dy organisearre spesjale parsereizen.