Fryske melkfeehâlders dwaande mei skjin hiem en skjin wetter

Mear as tûzen Fryske melkfeehâlders dogge al mei oan it projekt 'Schoon erf, Schoon water'. Mei dit projekt moat te foaren kommen wurde dat fersmoarge wetter fan boerehiemen yn it oerflaktewetter telâne komt. Maatskip De Vries & De Haan yn Nijeholtwâlde wie moandei it tûzenste bedriuw dat meidocht. Dat is fierd mei de partijen dy't hjiryn gearwurkje: Wetterskip Fryslân, LTO-Noord, Agrarische Jongeren Fryslân en it fakbûn NMV.
Meidwaan oan it projekt is op frijwillige basis, mar feehâlders binne wol ferplichte om it loazen fan fersmoarge wetter foar te kommen. Dielnimmers krije fergees bedriuwsadvys en kinne in stimulearringsbydrage fan tûzen euro krije. Feehâlders kinne har noch oanmelde oant 15 oktober.