Monumintaal gemeentehûs Menameradiel te keap

It gemeentehûs yn Menaam stiet te keap foar in fraachpriis fan 650.000 euro. It gebou út 1843 is ûntwurpen troch arsjitekt Romein. Der sit 613 kante meter oan ynhâld yn. Yn 2006 is it renovearre en isolearre.
It gebou ferliest syn funksje om't de gemeente Menameradiel yn de gemeente Waadhoeke opgiet. Boargemaster Piersma seit net inkeld nei de heechste bieder te sjen, mar ek nei de plannen fan de keaper. De gemeenteried wol meitinke oer in eventuele wiziging fan de bestimming.