Plysje befreget passanten yn Dronryp en Deinum oer sjitterij

09 okt 2017 - 10:14

De plysje hat moandeitemoarn in saneamd passante-ûndersyk hâlden yn Dronryp en Deinum, nei oanlieding fan de sjitpartij ferline wike. Passanten waarden troch plysjes opfongen en befrege oft se wat sjoen ha. De plysjes dielden dêrneist flyers mei allerhande fragen út.

By de sjitterij yn Dronryp waard in 45-jierrige bewenner fan de Dotinga Tún besketten. De man is slim ferwûne nei it sikehûs brocht. De flechtauto fan de twa fertochten waard letter útbaarnd weromfûn oan de Seine yn Deinum. 

De saak komt tiisdei oan de oarder yn Opsporing Verzocht op NPO 1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)