Zonderland: "It wie net top, mar dochs sa bliid mei sulver"

09 okt 2017 - 07:35

Fan 2012 oant en mei 2014 wie er de kening fan de rekstôk. Mar nei de tsjinslaggen yn de jierren dêrnei, koe Epke Zonderland snein by de WK turnjen yn Montreal oprjocht genietsje fan syn sulveren medalje. Ek om't er op wûnderbaarlike wize trochgie mei syn oefening, doe't er nei syn twadde flechtelemint noch mar mei ien hân oan de rekstôk hong. "Nei dy misser wie ik efkes it paad kwyt. Doe't ik delkaam, tocht ik: wat is dit? It wie net top, mar ik bin sa bliid dat ik hingjen bleaun bin", sei Zonderland.

As Superman draaide er oan ien earm oan de rekstôk. "Ja, sa fielde it wol yn bytsje", sei de olympysk kampioen fan Londen 2012 laitsjend. Fjouwer jier letter yn Rio foel er noch op dit ûnderdiel nei in peariode fan maleur. "Mei myn skoare (14.233) wie it ôfwachtsjen wat de turners nei my diene. It koe goud wêze, mar ek it fjirde plak. Se koene allegearre myn skoare helje. Ek dêrom bin ik bliid mei sulver, it fielt as goud."

Zonderland wie de earste dagen yn Montreal ferkâlden, mar fielde dat de krêft weromkaam. "Dit wie de earste kear sûnt de WK fan 2014 dat ik sa'n goede tarieding draaie koe. Ik fielde my sa sterk, ik moast my by it ynturnjen gewoan ynhâlde. Ik ha noch hieltyd it gefoel dat ik better wurdt." 

Trefwurden: 
Epke Zonderland WK turnjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)