Sulver foar Epke Zonderland yn WK-finale rekstôk

08 okt 2017 - 22:24

Turner Epke Zonderland hat sneintejûn yn de rekstôkfinale fan it WK turnjen yn Montreal de sulveren medalje wûn. De 31-jierrige Zonderland, ynwenner fan It Hearrenfean en twafâldich wrâldkampioen op dit ûnderdiel, kaam krekt te koart foar in tredde wrâldtitel.

Hast gie it hielendal mis by Zonderland. "Het is een wonder, het is een wonder wat hier gebeurt", sei kommentator Hans van Zetten, nei't Zonderland yn syn oefening by in flechtelemint oan ien hân fierder gie. Under oare troch dy misgreep behelle Zonderland in skoare fan 14.233 punten. Zonderland is sels krekt sa ferbjustere oer syn oefening en it leveret it him noch in wurdgrapke op. "Epke Zonderhand! Wie had dat gedacht, echt superblij dat ik toch nog zilver heb kunnen winnen!", sa skriuwt er op Twitter. 

Bart Deurloo, de oare Nederlanner dy't yn dizze finale stie, pakte de brûnzen medalje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)