Shorttrackmanlju pakke sulver, froulju mei lege hannen

08 okt 2017 - 17:16

De Nederlânske shorttrackploech hat snein by de wrâldbekerwedstriden yn Dordrecht it sulver pakt op de ôflossing oer 5000 meter. De ploech, mei de trije Friezen Sjinkie Knegt fan Bantegea, Daan Breeuwsma fan Akkrum en Ithzak de Laat fan Ljouwert, kaam krekt nei de Kanadezen oer de finish.

De Nederlânske froulju hiene minder sukses op dit ûnderdiel. Dizze ploech, mei Suzanne Schulting fan De Tynje, kaam yn de finale op de ôflossing (3000 meter) tekoart foar in priis. Sina, Súd-Koreä en Kanada ferdielden de medaljes by de froulju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)