Lykspul foar Snits Wyt Swart, Hearrenfean ûnderút

08 okt 2017 - 16:23

Yn de sneinshaadklasse fan it amateurfuotbal hat Snits Wyt Swart sneintemiddei in punt oerhâlden oan de útwedstriid yn Bussum tsjin SDO (1-1). Dy oare Fryske haadklasser, Hearrenfean, ferlear op eigen fjild mei grutte sifers fan SJC út Noordwijk (1-5).

Snits Wyt Swart kaam yn de twadde minút al op foarsprong troch in doelpunt fan Gerben Visser. Lang koene de Snitsers dêr net fan genietsje, want fiif minuten letter stiene beide klups alwer op gelikense hichte: 1-1. Dat waard dus úteinlik ek de einstân.

Hearrenfean ferliest

Op sportpark Skoatterwâld brocht Hearrenfeanspiler Thiemen Pen syn klup yn de njoggentjinde minút noch oan de lieding, mar SJC kantele de wedstriid en skoarde mar leafst fiif kear dizze middei (1-5). De Feansters ha it dreech dit seizoen: der waard noch gjin kompetysjewedstriid wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)