Sjinkie Knegt pakt gouden medalje op de 1000 meter

Sjinkie Knegt hat snein by de wrâldbekerwedstriden yn Dordrecht mei grut fertoan de finale fan de 1000 meter wûn. De shorttracker út Bantegea bleau yn de slotrace de Kanadees Samuel Girard en Seo Yi Ra Seo út Súd-Koreä foar.
Daan Breeuwsma die net mei yn de striid op de prizen. Nei syn fal sneon, wie it earst noch mar ris de fraach oft de shorttracker út Akkrum oan de start ferskine soe fan de kwartfinale op de 1000 meter. Breeuwsma begûn oan de race, ried him ek út, mar koe net foar in ferrassing soargje.