Sulver foar Suzanne Schulting op de 1000 meter

By de wrâldbekerwedstriden shorttrack yn Dordrecht hat Suzanne Schulting snein op de 1000 meter de sulveren medalje pakt. Yn de finale einige de shorttrackster út De Tynje op it twadde plakje achter de Súd-Koreaanske Suk Hee Shim. Yu Bin Lee, ek út Súd-Koreä, en Yara van Kerkhof bleau se foar.
It wie wol even spannend oft Schulting de finale helje soe. Se waard op it nipperke oan de heale finale fan de 1000 meter tafoege. De sjuery seach, nei’t se de bylden fan de kwartfinale werom sjoen hiene, dat Schulting in triuw krigen hie.