Marit Bouwmeester op koers foar Europeeske titel

© ANP
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten leit op koers om yn Barcelona Europeesk kampioene te wurden. De regearjend olympysk- en wrâldkampioene giet mei noch ien dei te gean oan kop yn it klassemint fan de Laser Radial-klasse.
Bouwmeester einige de fjirde dei op it EK sneon mei twa kear in fyfde plak. Dêrmei kaam har totaal op 28 punten. De sylster stiet hiel wat punten foar op de nûmer twa, de Deense Anne-Marie Rindom. Dy hat 43 punten.