Soargen oer it tekoart oan húsdokters yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan de FNP makket him soargen oer it tekoart oan húsdokters yn Ljouwert en de rêst fan de provinsje. De fraksje hat dêrom skriftlike fragen steld oan it kolleezje. Neffens de FNP liket it derop dat der op koarte termyn op ferskate plakken yn de provinsje gjin húsdoktersoarch mear foarhannen is.
De partij wol fan it kolleezje witte hoe grut it tekoart krekt is, en mei hokker plan it komt om de húsdokterproblematyk oan te pakken.