Daan Breeuwsma foar kontrôle nei sikehûs

07 okt 2017 - 18:16

Daan Breeuwsma moat foar de wissichheid sneontejûn nei it sikehûs om te sjen oft hy neat beskeadige hat. De shorttracker foel sneon yn de heale finale fan de 500 meter by de wrâldbeker yn Dordrecht. Hy foel mei syn holle earst yn de boarding. "Ik koe earst gjin adem helje, mar frij gau dêrnei wol. Doe fielde ik myn fuotten ek en tocht ik: It is okee. Ik makke wol in beweging mei myn hân, want it duorre lang foardat de EHBO by my wie." De skiedsrjochter liet de race earst trochgean.

De blessuere fan Breeuwsma liket ta te fallen: "Ik bin foaral hiel stiif. Kin myn nekke hast net bewege. Ik ha noch wol neitocht om mei de heale finale ôflossing mei te dwaan. Jeroen (Otter, bûnscoach, red.) wol my der graach by ha, mar it wol net." Breeuwsma giet foar de wissichheid sneontejûn wol efkes nei it sikehûs. "We moatte efkes sjen dat der neat stikken is of sa, mar ik tink it net."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)