Nederlânske shorttrackers troch nei ôflossingsfinale

Suzanne Schulting © Martin de Jong
De Nederlânske ôflossingsteams hawwe sneontemiddei by de wrâldbeker shorttrack yn Dordrecht de finale helle. Sawol de manlju as de froulju binne troch nei de finales, dy't snein ôfwurke wurde. De shorttracksters einigen yn harren heale finale as twadde efter Sina. Suzanne Schulting stelde yn de slotronde it finaleplak foar Nederlân feilich.
By de manlju ûntbruts Daan Breeuwsma; hy wie hurd fallen yn de kwartfinale fan de 500 meter. Op de heale finale ôflossing einigen de Nederlânske manlju as twadde efter Kanada.