Sulveren medalje foar Knegt op 500 meter yn Dordrecht

Sjinkie Knegt hat by de wrâldbeker yn Dordrecht in sulveren medalje ferovere op de 500 meter. De Fryske shorttracker moast yn de finale foar eigen publyk allinne de Kanadees Samuel Girard foar him duldzje. Knegt lei fuort nei de start fjirde, mar koe op it lêste rjochte stik syn redens krekt foar de Koreaan Hwang Dae Heon sette.
Earder op de dei slagge it Sjinkie Knegt net in medalje te pakken op de 1500 meter. Dêr einige de Fries op in fyfde plak.