Hou Friesland Mooi nimt gjin diel oan advysried wynpark

Stichting Hou Friesland Mooi wol net langer dielnimme oan de omjouwings-advysried foar it wynpark Nij Hiddum Houw by de kop fan de Ofslútdyk. Dat liet de stichting freed yn in brief oan de advysrie witte. De advysrie moat der foar soargje dat de omjouwing belutsen wurdt by de realisaasje fan it wynmûnepark.
Neffens Hou Friesland Mooi rint de planning binnen de advysrie lykwols net soepel en hat de stichting it gefoel dat allinnich de ynbring fan provinsje en inisjatyfnimmers gewicht hat. Earder stapte it doarpsbelang fan Witmarsum ek al út it oerlis.
"De gang van zaken in de omgevings-adviesraad ademt bovendien een sfeer van belangbehartiging van de initiatiefnemers en politiek", skriuwt foarsitter Annemieke Reitsma fan stichting Hou Friesland Mooi. "Met de belangen van de omwonenden wordt weinig tot geen rekening gehouden."