Syktocht nei bestjoerder wite bestelbus

06 okt 2017 - 15:28

It team dat de sjitpartij fan moandei yn Dronryp ûndersiket, slút net út dat de dieders al earder yn it doarp west hawwe om har aksje ta te rieden. Dat hat de plysje bekendmakke. De fraach is dan ek wa't de ôfrûne tiid fertochte saken sjoen hat. De 45-jierrige bewenner fan de Dotinga Tún yn Dronryp waard foar syn hûs troch ûnbekenden besketten. Alles wiist derop dat it om in ôfrekken yn it kriminele miljeu giet. Yn it ûndersyk is de plysje op syk nei de bestjoerder fan in bestelbus dy't tusken Dronryp en Deinum foar de flechtauto riden hat. De auto mei de fertochten is op De Seine yn Deinum efterlitten en yn brân stutsen. Dit is ticht by it stasjon. De plysje hâldt der rekken mei dat de fertochten in oare auto pakt hawwe of dat se mei de trein fierder gien binne.
 

Trefwurden: 
sjitpartij Dronryp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)