Elfstedenpad, nije kuierrûte by de alve stêden del

Kuierje lâns de Dokkumer Ie
De Koninklijke Wandel Bond Nederland en Wandelnet presintearje nije wike it Elfstedenpad. Dat is in lange ôfstânskuierrûte by de alve stêden del. Beide organisaasjes ha trije jier lyn fan de provinsje de opdracht krigen om in kuierrûte te ûntwikkeljen by de alve stêden del. De rûte folget it parkoers fan de reedrydtocht sa folle mooglik. It kuierpaad is 283 kilometer lang en is opdield yn mear as 40 etappes. Der is rekken mei hâlden dat dy mei it iepenbier ferfier te berikken binne.