Frijspraak easke yn mishannelingssaak It Amelân

De rjochtbank yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In jonge út Zaandam moat frijsprutsen wurde fan in slimme mishanneling, twa jier lyn op It Amelân. Dat easke de offisier fan justysje tongersdei by de rjochtbank. De jonge moast foarkomme, omdat er in jonge út Twizelerheide tsjin de holle skopt ha soe. Dat barde by in rûzje tusken twa freonegroepen. It slachtoffer en syn freonen hiene de fertochte werkend op in foto op Facebook. Mar de fertochte ûntkent dat er de jonge út Twizelerheide mishannele hat. Ek syn freonen sizze dat er dat net dien hat.
De offisier fan justysje fynt de werkenning fia Facebook net sterk genôch as bewiis en hat om frijspraak frege. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.