Sylster Marit Bouwmeester bliuwt oan kop op EK yn Barcelona

© ANP
Marit Bouwmeester fan Warten hâldt har liedende posysje op it Europeesk kampioenskip silen yn Barcelona. Troch op de twadde dei fan it kampioenskip ien wedstriid te winnen en in kear twadde te wurden, hat se har kopposysje ferstevige. Bouwmeester (29) waard foarich jier Olympisch kampioene yn de Laser Radialklasse en se is ek mearfâldich wrâldkampioene.