Bringe drones yn de takomst medisinen nei de Waadeilannen?

Drones dy't medisinen nei Skiermûntseach bringe. ANWB Medical Air Assistance en it sikehûs UMCG Ambulânsesoarch sille ynkoarten testen dwaan om te sjen as dat kin. Se wolle mei trije ferskillende soarten drones 30 testflechten útfiere. De drones fleane nei de helikopterhaven op it eilân. De provinsje moat noch akkoart gean mei it plan.
De gemeente Skiermûntseach stimt foar de medyske flechten. ''Het komt heel weinig voor dat we een situatie hebben waarbij medicijnen echt te laat zijn. Maar als er ook maar één leven is dat we in de toekomst op deze manier kunnen redden, dan is dat het waard'', lit wethâlder Ger Heeringa witte. ''De drones zullen niet over bewoond gebied vliegen: zo lopen we geen risico in geval van neerstorten." Tagelyk jout de gemeente ek oan dat se nea foarstanner wêze sille fan kommersjele flechten. Dy soene de rêst te bot fersteure.