Gjin kleurde Piten by lanlike yntocht Sinteklaas yn Dokkum

Kleurde piten by de yntocht yn Maassluis © ANP
Der binne gjin bûntkleurige Swarte Piten by de lanlike yntocht fan Sinteklaas, dit jier yn Dokkum. De organisaasje fan de yntocht slút dermei oan by it beslút fan de makkers fan it Sinterklaasjournaal fan de NTR. Mediadirekteur Willemijn Francissen seit yn De Telegraaf dat de kleurde Piten, dy't ferline jier yn it programma te sjen wiene, efterôf sjoen net slagge binne. ''Het paste te weinig binnen de traditie en het zag er niet leuk uit.''
Hoe't de Swarte Piten der dan út komme te sjen, wol Francissen noch net sizze. "Maar we weten allemaal dat je zwart wordt als je door een schoorsteen gaat en dat is wat Pieten doen. Bij ons is zwart geen huidskleur, maar roet. Iedereen kan Piet worden, of je nu wit, licht, donker of getint bent.''