Koade oranje yn Fryslân en Waadgebiet: hurde wynstjitten

Stoarm (argyffoto) © Henk Bootsma
Fanwegen de hurde wyn hat it KNMI koade oranje ôfkundige yn de hiele provinsje. Yn Harns binne meardere beammen omwaaid, en op Flylân binne wynstjitten mjitten fan mear as 100 kilometer yn it oere. Dat betsjut dat der offisjeel in stoarm waait. De lêste kear dat it offisjeel stoarme wie op 13 septimber.
De ferwachting is dat de stoarm noch yn krêft tanimme sil. Yn it noarden is der kâns op wynkrêft 10, en yn it Waadgebied kin it sels wynkrêft 11 wurde. It KNMI warskôget foar gefaarlike situaasjes foar it ferkear en foar de wettersport