Burgumer sporthal Westermar folslein útbrând

Sporthal Westermar yn Burgum oan de Burgemeester Bothenius Lohmanlaan is woansdeitenacht folslein útbrând. De oanwêzige korpsen hawwe de brân kontrolearre útbrâne litten. Dêr is foar keazen om't it foar de brânwacht net feilich genôch wie tichteby it pân te kommen. Op it momint fan de brân wienen der gjin minsken mear oanwêzich. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. Omdat der in soad reek yn de sporthal stie, moasten omwenners ruten en doarren ticht hâlde. Neffens in omstanner is der woansdeitejûn noch bowld oant in oere as alve. Doe is it pân ôfsletten: rûn healwei tolven waard der melding makke fan de brân.
De brânwacht fan Burgum hat tongersdeitemoarn oan it neiblussen west by sporthal Westermar. De gemeente Tytsjerksteradiel komt op koarte termyn mei oplossings foar klups dy't yn de problemen kaam binne, no't de sporthal der net mear is. Ien fan dy klups is de organisaasje fan it sealfuotbaltoernoai om de Tytsjerksteradiel Cup. Op Facebook sizze se bot skrokken te wêzen en winskje alle belutsenen in soad sterkte. It bestjoer sil sjen wat de eigen opsjes binne.