Sylster Marit Bouwmeester pakt de lieding op EK yn Barcelona

Marit Bouwmeester © ANP
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat woansdei yn Barcelona de lieding pakt nei de earste dei fan it Europeesk kampioenskip yn de Laser Radial-klasse. Eins soe tiisdei de earste dei fan it kampioenskip wêze, mar de wedstriden giene net troch yn ferbân mei stakingen yn Kateloanië.
De regearjend olympysk- en wrâldkampioene sleat de dei ôf mei twa twadde plakken. Dêrmei hat se no fjouwer punten. Op plak twa stiet de Poalse Agata Barwinska mei njoggen punten en op trije de Deense Anne-Marie Rindom mei alve punten.